donderdag, 27. oktober 2005 - 0:10

‘Honderd jaar, een mooi begin’

De woartels fan de Stichting Beatrixoord Noord-Nederland yn Haren lizze yn Fryslân. Yn 1905 is yn Ljouwert de akte fan oprjochting tekene fan de Vereniging tot Exploitatie van en Fries Volkssanatorium. It bestriden fan tuberculose hat altyd it doel west fan de feriening. Yn 1910 waard it earste sanatoarium fan it noarden iepene op De Jouwer. Yn 1922 ferhuze it nei de bosken fan Appelskea. De namme Fries Folkssanatoarium waard yn 1946 wizige yn Beatrixoord, omdat der hieltyd mear TBC-pasjinten út Drinte, Grinslân en de klop fan Oerisel kamen.

No hat Beatrixoord him ûntwikkele ta in revalidaasjesintrum en is der keazen foar in fusy mei it UMC yn Grins. Yn it programma “100 jaar, een mooi begin� wurdt stilstien by de skiednis en de takomst fan Beatrixoord. Mei bylden út it ferline en ek stikken út de feestlike jubileumbyienkomst okkerdeis yn Grins.

Omrop Fryslân TV tiisdei 1 novimber 19.30-20.00, 21.30 en 23.30. Nochris te sjen de hiele nacht ienris yn de twa oeren.

Tekst: Omrop Fryslân
Provincie:
Tag(s):