vrijdag, 4. november 2005 - 12:19

UFO’s op ‘e Gordyk

De Gordyk is yn 1974 yn 'e ban fan UFO's, Unidentified Flying Objects. Begjin jannewaris sjogge twa bruorren gekke ljochten boppe de Gordyk. Dêrnei reint it meldings fan minsken Dy’t wat bysûnders sjoen ha. Der wurde sels observaasjegroepen ynset en der komt in futurolooch nei it doarp. Yn dizze twadde ôflevering fan Reaklif komme twa tsjûgen werom op dy tiid. Se ha noch hieltyd gjin ferklearring foar de saken dy't se doe sjoen ha. Mar wol in soad fragen; wienen it UFO's of net en wêrom ha we nei '74 noait wer wat sjoen?

Woansdei 2 novimber is by Omrop Fryslân de nije searje Reaklif begûn, in rige oer skiednis út de jierren santich, tachtich en njoggentich fan de foarige ieu.
Reaklif woansdei 9 novimber 2005 18.45-19.00 oere (20.45, 22.45, 00.45 oere). Nochris te sjen de hiele nacht ienris yn de twa oeren.
Provincie:
Tag(s):