vrijdag, 20. januari 2006 - 9:06

Liemburg en Dales binne it iens

Boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel en korpsbehearder Geert Dales fan de Regioplysje Fryslân hawwe op tongersdei 19 jannewaris 2006 mei elkoar praat oer it brûken fan de Fryske taal troch de plysje yn Fryslân.

Yn dit petear is dúdlik wurden dat de korrespondinsje fan boargemaster Liemburg mei de korpsbehearder oer it taalbelied fan de plysje nei oanlieding fan in praktykfoarbyld net de oarsaak wie fan de resinte publisiteit om dit ûnderwerp hinne. Liemburg en Dales fine it spitich, dat troch dy publisiteit de yndruk ûntstien is dat der ferskil fan miening wêze soe. De ûnienichheid hjiroer tusken beiden is út ‘e wrâld.

Foldien ha boargemaster Liemburg en korpsbehearder Dales fêststeld, dat se it deroer iens binne, dat de Fryske plysje aktyf befoardert dat meiwurkers dy’t fanwege har funksje yn kontakt steane mei de befolking de Fryske taal yn elts gefal fersteane. Se fine dat de korpslieding de passive en aktive behearsking fan it Frysk sterk oanmoedigje moat en plysjemeiwurkers stypje by it oanlearen fan de Fryske taal. De korpsbehearder sil it belied op dit mêd nei oerlis mei de korpslieding yn it Regionaal Kolleezje oan ‘e oarder stelle.

No al is de praktyk, dat in protte Fryske plysje-aginten de Fryske taal behearskje en ek aktyf brûke. Yn de deistige praktyk dogge har dan ek amper problemen foar. As der wol in probleem ûntstiet, dan mei fan de plysje ferwachte wurde, dat dy dêr’t dat mooglik is de boarger yn ‘e mjitte komt. Oan ‘e oare kant mei fan de boarger begryp ferwachte wurde foar omstannichheden dêr’t in praktyske oplossing fan in eventueel taalprobleem frege wurdt om de kommunikaasje net te fersteuren.
Provincie:
Tag(s):