donderdag, 12. januari 2006 - 18:21

Geert Dales ûnderskriuwt belang behearsking Fryske taal by polysje

Korpsbehearder Geert Dales fan ‘e Regiopolitie Fryslân neamt it tige winsklik dat polysjes dy’t yn Fryslân wurkje de Fryske taal yn alle gefallen ferstean kinne. It Frysk is in folweardige rykstaal, dus minsken hawwe it folste rjocht harren dêrfan te betsjinjen. Behearsking fan it Frysk is befoarderlik foar it goed útfieren fan it polysjewurk, om’t de taal in wêzentlik ûnderdiel is fan de Fryske maatskippij.

Dales wol gjin ferplichting, mar wol in sterke oanmoediging fan de kennis fan it Frysk. ‘It kin fansels sa wêze dat in boarger in polysje treft dy’t gjin Frysk praat of it noch net yn ’e macht hat. Dan moatst dêr pragmatysk mei omgean. Elke Fries praat ommers ek Nederlânsk. Boppedat is it wichtich dat boargers der wis fan binne dat in oanjefte altyd goed op papier komt te stean. Dán foet by streek hâlde kin ek wolris yn it neidiel fan de boarger sels wêze.’

De Leeuwarder Courant jout hjoed yn in artikel de yndruk dat Dales de saak net serieus nimt. De korpsbehearder distansjearret him fan de teneur dy’t út de Leeuwarder Courant nei boppen komt. ‘As soe ik de konfrontaasje mei de provinsje út ‘e wei gean. Gjin sprake fan. Ik ha yn it petear mei de Leeuwarder Courant krekt mei klam sein dat ik my folslein bewust bin fan de bestjoerlike ôfspraken dy’t dêr oer makke binne en dat ik respekt ha foar ús twadde rykstaal. Net foar neat ha ik der sels foar soarge dat ik dy taal 100% ferstean kin en sa no en dan praat ik ek Frysk. En sa moat it ek by de polysje. Net twongen, mar omdatst begrypst dat dat derby heart.’

Yn Nederlânsk
Provincie:
Tag(s):